Waadferiening: earst bewizen NAM

© Omrop Fryslân
De Waadferiening stapt yn de takomst mooglik nei de rjochter om nije gasboarrings yn de Waadsee tsjin te hâlden. Dat seit direkteur Hidde van Kersen fan de feriening yn reaksje op de Miljeu Effekten Raportaazje fan de Nederlandse Aardolie Maatschappij.
De natuerferiening stelt dat der troch de hjoeddeiske gaswinning by Amelân sânbanken ferdwûn binne. As de NAM net bewize kin dat gasboarrings net skealik binne, wurdt de rjochter ynskeakele.