Beton ynset tsjin túch

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits lit de kommende tiid beton oanlizze op rotondes en flechtheuvels. Dat moat foarkomme dat der noch túch groeie kin. Op it stuit lizze der strjitklinkers op de rotondes en dêr groeit it ûnkrûd gewoan trochhinne. De gemeente ferfangt dy klinkers troch in laach beton dy't der útsjocht as strjitklinkers.
Plantsoenwurkers hoege dan ek net mear op sokke gefaarlike plakken te stean.