F-16's yn aksje

18 jan 2006 - 16:53

Twa F-16's fan de fleanbasis Ljouwert hawwe woansdei in Boeing 737 út Berlyn ûnderskept. Dêrby giene se earne tusken Hearrenfean en Swolle troch de lûds- barriêre. De straaljagers waarden ynset om't der gjin radiokontakt mei it fleantúch makke wurde koe. Letter waard dat kontakt wersteld.

Der kamen tiisdei ek klachten oer fleantúchlûd by Ljouwert. It leven kaam fan F-16's fan fleanbasis Volkel, dy't troch de lûdsbarriêre giene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)