Eilânhotels foar handikapten

© Omrop Fryslân
Amelân en Skiermûntseach krije spesjale hotels foar handikapten. Ek Skylge soe yn de earste plannen sa'n hotel krije, mar dat giet foarearst net troch omdat de gemeente oare plannen hat mei de lokaasje Dellewal.
Stichting Waddenambities ûnderhannelet oer de oername fan in gebou op Skiermûntseach. Op Amelân soe nijbou komme moatte. Ut ûndersyk docht bliken dat 90% fan de handikapten graach nei in eilân op fakânsje wol.