Fertochte Aldwâld freed foarlaat

18 jan 2006 - 16:06

De man (25) dy't derfan fertocht wurdt snein in famke fan 13 út Aldwâld misbrûkt te hawwen, wurdt kommende freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy bepaalt dan oft der genôch bewiis is om de man langer fêst te hâlden.

De man waard ôfrûne moandeitejûn oppakt yn syn wente yn Westergeast. Dat gebeurde nei oanlieding fan it sinjalemint en tips. De plysje hat yn totaal 60 tips krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)