Nij talint op Lytske Aaipop

© Omrop Fryslân
Aaipop presintearret op sneon 28 jannewaris trije nije Fryske bands en artysten op Lytske Aaipop. De dielnimmers oan Lytske Aaipop binne solist Gerrit Gerlofsma, de Johannes D. Kernemer Show en de Crazy Brain Connection. Gerlofsma makket folkrock, de Johannes Kernermershow makket 'jonge frisse rock mei in tromboane'.
Op Lytske Aaipop falt in optreden te fertsjinjen op Aaipop, dat elk jier op twadde peaskedei plakfynt yn Nijlân.