Bierke moat kinne yn jeugdsoos

18 jan 2006 - 11:27

Besikers fan de jeugdsoos JOB yn Easterwâlde moatte yn de takomst gewoan bier bestelle kinne. Dit soe de oerlêst op strjitte ferminderje moatte. Om dit foarinoar te krijen ha 4 frijwilligers in boargerinisjatyf opsteld en dy yn desimber al oerlange oan boargemaster Oosterman fan Eaststellingwerf.

Tiisdei mochten de 'boargers' har inisjatyf taljochtsje, en besykje de riedsfraksjes te oertsjûgjen. Dy reagearden posityf op it foarstel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)