Fertochte oanhâlden yn sedesaak

18 jan 2006 - 10:10

De plysje hat moandeitejûn in 25-jierrige man oanhâlden dy't der fan fertocht wurdt in famke út Aldwâld seksueel misbrûkt te hawwen. It giet om in ynwenner fan buordoarp Westergeest. De man koe oanhâlden wurde troch de beskriuwing dy't it famke fan de dieder jûn hat en troch tips.

De man is foar trije dagen fêstset. Yntusken giet it ûndersyk fan de plysje gewoan troch. De 25 resjersjeurs hearre ûnder oare tsjûgen en lûke tips nei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)