Eilanners helje einstreek Dakar
Laurens Conijn fan Skylge en Gerard List fan Flylân hawwe it oprêden! Beide manlju binne it ôfrûne wykein oer de einstreek kommen yn de 28e Dakarrally.
Fan de goed twahûndert moterriders kamen der úteinlik mar 93 oer de finish. Laurens Conijn waard 71ste en Gerard List 73ste. Moandeitejûn kamen de beide manlju wer werom op Schiphol.