Bouvakbeurs iepene yn it FEC

17 jan 2006 - 23:05
Foto: Omrop Fryslân

Yn it FEC yn Ljouwert is tiisdei de Noordelijke Bouwvakbeurs iepene. De beurs waard earder 46 kear hâlden yn de Prins Bernardhoeve yn Zuidlaren. Omdat dy lokaasje ticht giet, is de beurs no ferhuze nei Ljouwert. Net alle standhâlders wienen it mei dy ferhuzing iens, 60 fan de 200 binne net meigien.

Ek de Horeka-Karavan en Lânboubeurs sille tenei yn it FEC hâlden wurde, ynstee fan yn de Prins Bernhardhoeve.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)