Gjin ynformaasjejûn Aldwâld

© Omrop Fryslân
De gemeente Kollumerlân hat besletten om dochs gjin spesjale ynformaasjejûn te organisearjen foar ynwenners fan Aldwâld. De doarpsbewenners binne ferromme dat de plysje in man oanhâlden hat op fertinking fan seksueel misbrûk. Doe waard yn de omkriten fan Aldwâld in famke fan 13 jier seksueel misbrûkt.
Omdat ferskate organisaasjes lykas plysje, GGD en jeugdsoarch yntinsyf mei de saak dwaande binne is in spesjale ynformaasjejûn net mear nedich.