Eilân Saba op besite op Flylân

17 jan 2006 - 17:01

In delegaasje fan it Antilliaanske eilân Saba hat moandei in besite brocht oan Flylân. Mei de besite woe Saba útfine hoe't de finansiering fan Flylân troch de oerheid regele is. De omfang en it tal ynwenners fan de twa eilannen binne ferlykber.

Boargemaster Galema fan Flylân slút net út dat de besite in ferfolch krijt. Der sil ek sjoen wurde oft der in freonskipsbân tusken de beide eilannen ûntwikkele wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)