Direkteur sikehûs stapt op

17 jan 2006 - 16:32

Direkteur Van Leerzem fan sikehûs de Tjongerschans op It Hearrenfean is opstapt. Hy is it net iens mei de gong fan saken oangeande de takomst fan it sikehûs. It giet dan bygelyks oer de gearwurking mei eksterne partijen, it ombûgjen fan it begruttingstekoart en de bou fan in nije polyklinyk. Der soe gjin mienskiplike fyzje wêze.

Van Leerzem leit flak foar syn pensjoen syn funksje del. Hy hat 15 jier wurke foar de Tjongerschans.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)