Frysk by de plysje

© Omrop Fryslân
In kommisje fan trije wize manlju hat him moandei bûgd oer de Fryske kwestje dy't op dit stuit spilet by de plysje. Boksumer Gjalt Jelsma hie in klacht yntsjinne by de plysje Fryslân, omdat hy gjin oanjefte dwaan koe yn it Frysk. Dy plysje soe it Frysk net ferstean kinne. It skeel hat yn de provinsje foar frijwat opskuor soarge.
In ûnôfhinklike kommisje hat de klacht oanheard en bringt yn twa wike in advys út by de korpsbehearder.