FNP: pool foar wethâlders

17 jan 2006 - 09:48
Foto: Omrop Fryslân

De FNP begjint mei in pool foar wethâlderskandidaten. Om foar te kommen dat yn de iene gemeente gjin FNP-kandidaat beskikber is, wylst der yn in oare gemeente tefolle binne. Yn Littenseradiel is dit al in kear sa gien. De FNP yn Tytsjerksteradiel koe nei it opstappen fan wethâlder Wiebe Postma gjin ferfanger leverje. Dat koste in plakje. Soks moat eins net wer, fynt de lieding fan de partij.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)