Oanpak oerlêst Boelensloane

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân nimt maatregels om wetteroerlêst oan de westkant fan Boelensloane tenei foar te kommen. De wetteroerlêst ûntstiet meastentiids trochdat der in soad bagger yn de sleatten sit, dêrtroch is de wetteroanfier en -ôffier min.
It wetterskip sil de sleat útbaggerje sadat der wer in goeie wetterhûshâlding ûntstiet. Der wurdt der ek in nije, 300 meter lange, sleat groeven.