Nominaasjes foar Tûmba-priis

16 jan 2006 - 17:17

It Diskriminaasjemeldpunt Tûmba siket minsken en ynstellings dy't yn de beneaming komme foar de anty- rasismepriis 2006. It is foar de fyfde kear dat de priis útrikt wurde sil.

De priis is bestimd foar minsken of ynstellings dy't har de lêste twa jier ynspand ha foar de befoardering fan de multykulturele mienskip of de bestriding fan rasisme. De priis wurdt op 5 maaie útrikt op it Befrijingsfestival yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)