Mear hoveniersbedriuwen

16 jan 2006 - 17:15

It tal hoveniersbedriuwen yn Fryslân is de ôfrûne tsien jier bot tanommen. Wiene der yn 1995 noch 105, no binne der sa'n 225. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Buro voor de Statistiek.

De groei is foar in part te ferklearjen troch it grut tal hûs- en túnprogramma's op tillevyzje, dêr't túnkjen populêr troch wurden is. Yn de sektor binne meast lytse, ienmansbedriuwkes aktyf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)