Keaper Adverium-gebou

16 jan 2006 - 17:12
Foto: Omrop Fryslân

It is noch altyd net dúdlik oft wenningbouferiening Smellingerlân it Adverium-gebou yn Drachten keapet. Dy wol in grut tal nije wenningen bouwe by it Adverium, mar is hjiroer noch yn petear mei de gemeente Smellingerlân.

Yn de foarlopige keapoerienkomst mei de eigner fan it Adverium, de Friesland Bank, is ôfpraat dat de wenningbou- organisaasje foar maart dúdlik ha moat oft der boud wurde mei, oars kin se noch fan de keap ôfsjen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)