Demonstraasje Andere As

16 jan 2006 - 16:15

It platfoarm Andere As sil moarntejûn demonstrearje by it gemeentehûs yn Damwâld. De 17 doarpsbelangen, buert- ferienings en aksjegroepen dy't it platfoarm oprjochte hawwe, binne tsjin- stanners fan it foarstelde trasee foar de Sintrale As. Dat is de nije dyk dy't der komme moat tusken Dokkum en Garyp.

Andere As wol dat de polityk nochris goed sjocht nei de alternative trasees dy't der binne foar de nije ûntslutingsdyk fan Noardeast-Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)