Deense eilannen wolle gearwurkje

© Omrop Fryslân
De Deense Waadeilannen wolle gearwurkje mei de Stifting Waddengroep. Dizze stifting bestiet út hannelers en produsinten dy't Waadprodukten meitsje en ferkeapje. De produkten wurde ferkocht mei it stimpel "Waddengoud". It giet dan bygelyks om lamsfleis, bôle, tsiis en fisk.
De Denen hawwe in folle minder postiyf waadgefoel as de Nederlanners. De Deense eilannen wolle dat feroarje en sykje dêrom oansluting.