Fûns fan CDA en diakonijen

© Omrop Fryslân
It CDA en de diakonijen fan de Fryske tsjerken wolle mei inoar in sosjaal fûns fan ien miljoen euro opsette. Dat jild sil brûkt wurde om de earmoed yn Fryslân te bestriden. Dat hat de steatefraksje fan it CDA bekend makke.
Al langer is it Fryske CDA bot dwaande om it earmoedprobleem ûnder de oandacht te krijen. Sa waard alris in spesjale telefoanline iepene dêr't minsken hat miening jaan koene oer it kabinetsbelied.