Boete foar wyldpisjen yn Harns

© Omrop Fryslân
In 18-jierrige ynwenner fan Harns hat yn de nacht fan sneon op snein yn syn wenplak twa boetes krigen. Ien foar wyldpisjen en in oare foar it net folslein jaan fan syn namme. It wyldpisjen wie tsjin in wente oan de Sint Odolphisteech.
Doe't de plysje him frege wêr't de tredde foarnamme op syn identiteitsbewiis foar stie, woe er dat net sizze. Al mei al moat de man no 240 euro oan boetes betelje.