Boetes foar bistekwelling

© Omrop Fryslân
Trije fiskers hawwe sneon in boete krigen foar bistekwelling. Dat barde oan de Sânsleat yn Terherne. Yn de tas fan in 66-jierrige man út Haren sieten fjouwer fisken dy't noch net dea wienen.
De man sei dat er alle fisken deaslein hie mei in daaispút. In 54-jierrige ynwenner fan Grins hie ek libjende fisken yn 'e tas. In 66-jierrige Grinzer hie 27 fisken tefolle by him.