It Hearrenfean wint Midwintercup

15 jan 2006 - 15:50
Foto: Omrop Fryslân

It Hearrenfean hat sneontejûn de Midwintercup sealfuotbal wûn yn Frjentsjer. Yn de finale namen se de strafskoppen better as Avanti fan Stiens. De einstân yn de finale wie 2-2. De tredde prizen wiene foar Drs Vijfje en Frjentsjer.

By de froulju pakte in Grinzer Oranje Nassau de earste priis. Se fersloegen yn de finale Tolbert mei 1-0. De tredde prizen wiene foar Dokkum en Be Quick Dokkum.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)