Mes yn beslach nommen

15 jan 2006 - 14:48

De plysje hat sneontejûn yn Ljouwert in mes yn beslach nommen fan in 16-jierrige jonge út Deinum. Hy en syn maat foelen op trochdat se regelmjittich tsjin in jiskefet oanskopten yn de Peperstrjitte.

Omdat de 16-jierrige him net legitimearje koe, fûljearre de plysje him en waard it mes fûn. De jonge mocht nei it ferhear wer gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)