EK wurdt snein noch útriden

© Omrop Fryslân
It EK reedriden allround yn Hamar wurdt snein dochs noch útriden. Dat hat de organisaasje sneintemoarn besletten. Wichtichste reden om dat snein te dwaan, is dat de teamlieders fine dat de wedstriid yn in fol stadion útriden wurde moat.
Om tolve oere is út ein set mei de fiif kilometer foar hearen. It EK waard sneon stillein omdat de friesmasine stikken wie. De temperatuer fan it iis moat 6,5 graad ûnder nul wêze.