Nasjonale gebedsdei yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In lytse 600 minsken diene sneon yn Ljouwert mei oan de 25e nasjonale gebedsdei. Dizze dei is de ôfsluting fan de wike fan it gebed, dat yn seis plakken yn Nederlân fierd waard. De evangelyske alliânsje organisearret dit soarte fan besinningsdagen alle jierren.
Dit jier wie it tema 'Een', om har ienheid mei Jezus Christus sjen te litten. Tineke Huizinga, Twadde Keamerlid fan de Christen Unie spruts de minsken yn Ljouwert ta.