EK: Sven Kramer 18e op 500 m.

© Omrop Fryslân
Sven Kramer is it Europeesk Kampioenskip Allround yn Hamar net goed begûn. Hy waard 18e op de 500 meter, yn in tiid fan 37,90. De 500 meter waard wûn troch de Poal Niedzwiedzki. Bêste Nederlanner wie Jochem Uytdehage, op in 14e plak. Verheijen waard 20e, Romme 27e.
By de froulju einige Wieteke Cramer as 10e, yn 40,56. De Russin Lobisjeva wûn de ôfstân yn 39,44. Ireen Wüst wie de bêste Nederlânske op in 5e plak.