Man mishannelt minsken yn moskee

© Omrop Fryslân
De plysje hat freed yn Drachten in man (38) út Niger oanhâlden, omdat er yn de moskee twa minsken mishannele hie. De imam krige ûnder de gebedstsjinst in klap yn syn gesicht, in oare man krige in skop tsjin de rêch.
De fertochte sei dat er, mei troch taalproblemen, gjin respekt krigen hie fan de minsken yn de moskee. Hy sei dat er troch God stjoerd wie. De man is meinaam troch de frjemdelingeplysje, omdat er yllegaal yn Nederlân wie.