Bonnehosrút weromfûn yn Twizel

© Omrop Fryslân
It fermiste glês-yn-leadraam fan it eardere Bonifatiushospitaal yn Ljouwert is weromfûn yn Twizel. It stie dêr yn in loads oan de Wedzebuorren.
It rút waard trije jier lyn fuorthelle, omdat it Bonifatiushospitaal sloopt wurde soe. Boubedriuw Westerbaan soe it opslaan, omdat dat bedriuw it sloopwurk dwaan soe. Nei it fallissemint fan Westerbaan rekke it rút wei. Hoe't de plysje it glês-yn-leadrút op it spoar kaam is, is net dúdlik.