Friezen om utens wolle nei Snits

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits hat de earste oanmeldings út it bûtenlân binnen foar de grutte reuny yn septimber. De reuny is ûnderdiel fan de fiering fan 550 jier stêdsrjochten.
De offisjele fiering is freed begûn mei in konsert fan it Noord Nederlands Orkest yn de Martinitsjerke. Dêr kamen goed 600 minsken op ôf, foaral frijwilligers. Sy wiene spesjaal útnoege.