Ferlies foar H'fean en Cambuur

14 jan 2006 - 15:26

De beide Fryske betelle fuotbalklubs ha freed har earste wedstryd fan de twadde kompetysjehelte ferlern. Sportclub Heerenveen ferlear yn de nije Euroborg mei 2-0 fan FC Grins. De doelpunten wiene fan Erik Nevland en Danny Buijs.

Cambuur ferlear mei 2-3 fan AGOVV Apeldoorn. Akchoui skoorde 0-1, Brack 1-1 en Bronkhorst 2-1. Ynfaller Ruud ter Heiden fan AGOVV bepaalde nei rêst de einstân op 2-3.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)