Wieteke Cramer net nei Turijn

© Omrop Fryslân
Wieteke Cramer giet net mei nei Turijn op de 1500 meter. Dat is it gefolch fan de skate-of op de 1000 meter tusken Barbara de Loor en Pauline van Deutekom freed op Thialf.
It is wat yngewikkeld. Mar as De Loor winne soe mocht Cramer net nei Turijn. As de Loor ferlear makke Cramer noch in kâns. De Loor wûn krekt van Van Deutekom mei in heale sekonde ferskil. En dus mei De Loor nei Turijn en moat Cramer thúsbliuwe.