Liemburg wol ekskús fan Dales

14 jan 2006 - 09:46

Boargemaster Liemburg fan Littenseradiel easket iepenlik ekskús fan korpsbehearder Dales fan de plysje. Dales sei freed op Omrop Fryslân radio dat Liemburg in rel skopt oer it brûken fan it Frysk troch de plysje. Liemburg is dêr bot fan skrokken en fielt har kwetst. Dat der no reboelje ûntstien is oer it Frysk, leit oan de plysjetop sels, fynt se. Liemburg is der wol bliid om dat Dales fynt dat plysjes Frysk ferstean kinne moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)