"Letter prate oer brûkersromte"

© Omrop Fryslân
De PvdA en it CDA Ljouwert wolle net earder as yn febrewaris beslute oer in brûkersromte foar drugsferslaafden. Beide partijen fine dat der mei it fuortfallen fan in mooglike lokaasje oan de Willemskade net safolle mear te kiezen falt.
Se komme sels mei in oantal foarstellen. Sa soe de ried prate kinne moatte oer mear opsjes foar in brûkersromte Ek soe in aparte brûkersromte ûndersocht wurde moatte.