Twadde dialysesintrum yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Nierpasjinten út it suden fan de provinsje kinne tenei dialyseard wurde op it Hearrenfean. Dêr iepent it dialysesintrum fan it Ljouwerter sikehûs MCL in twadde festiging.
In soad pasjinten hiene dêr om frege. Dy fine de reis nei it sikehûs yn Ljouwert yn kombinaasje mei de behanneling te swier. Nierpasjinten moatte yn trochsneed trije kear yn de wike spield wurde. De behanneling duorret in oere as fiif.