Rammen út Rie wer thús

13 jan 2006 - 17:12

De eigner fan de fjirtjin rammen, dy't ôfrûne sneon yn Rie fûn binne, hat him by de gemeente Frjentsjerteradiel melden. Wa't er is, of wêr't er wei komt, wol de gemeente net sizze. De eigner fynt it allegear slim genôch en hat gjin ferlet fan publisiteit.

De man kontakt opnaam mei de Diere-ambulânse Fryslân. Dy hie de bisten tydlik op in adres ûnderbrocht. De rammen stean yntusken wer yn harren eigen greide.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)