Skou oeral yn Fryslân gelyk

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân lûkt de regels foar de skou gelyk. Dêrmei komt in ein oan ferskillende regels dy't noch út de tiid fan de seis eardere wetterskippen stamme. Dy seis fusearden twa jier lyn.
It algemiene belied betsjut foaral wizigingen foar de Súdwesthoeke. Dêr wurde tenei jierliks minder sleatten kontrolearre. Dat kostet minder. By in skou wurdt sjoen oft de sleatten dy't foar ôfwettering soargje wol goed trochstreame.