Bakkati noch dizze moanne fuort?

© Omrop Fryslân
Hearrenfean-fuotballer Said Bakkati hâldt der rekken mei dat hy noch dizze moanne nei in oare klup giet. Bakkati is de tredde spiler nei Henrico Drost en Marcel Seip foar de rjochtsback- posysje. As hy net oan spyljen ta komt, wol hy omsjen nei in oare klub.
Bakkati jout oan dat der wol klubs binne dy't ynteresse ha, mar hy wol net sizze hokker klups. Syn kontrakt rint oan 'e ein fan it seizoen 2006/2007 ôf.