Deade Ljouwerter noch riedsel

© Omrop Fryslân
De plysje wit noch net oft de man, dy't woansdeitemoarn betiid dea fûn waard yn de Beetgumerstrjitte yn Ljouwert, stoarn is oan de gefolgen fan in misdriuw. De 87-jierrige man waard fûn troch in krantejonge, hy lei bûtendoar.
De plysje is op dit stuit dwaande mei it besjen fan de útslach fan de seksje dy't op de man dien is. De plysje hat in team fan tsien resjerzjeurs op de saak set.