Eigner fan 14 rammen socht

© Omrop Fryslân
De gemeente Frjentsjerteradiel is op syk nei de eigner fan fjirtjin rammen. De bisten waarden ôfrûne sneon fûn oan de Doanjumerwei, dêr't se los om rûnen. Net ien wit fan wa't de rammen binne. Se binne ek net as fermist opjûn.
Op it stuit rinne de rammen yn in stik lân fan de biste-ambulânse. Formeel wurde se sjoen as 'gevonden voorwerpen' en is de gemeente ferantwurdlik. Wurdt de eigner net binnen twa wike fûn, dan meie de bisten ferkocht wurde.