Fertochte drugshannel frijlitten

12 jan 2006 - 16:55

Der sit noch ien fertochte fêst yn ferbân mei de hannel fan xtc yn Easterwâlde. Dat is de 20-jierrige haadfertochte. In oare fertochte is woansdei frijlitten. Dat is de sweager fan de haadfertochte.

De plysje hâlde yn desimber acht minsken oan, omdat sy op strjitte drugs ferkochten oan ûnder oaren imnderjierrigen. De saak wurdt yn maart troch de rjochtbank yn Ljouwert behannele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)