Heineken nimt Hof Holland oer

12 jan 2006 - 15:01

Bierbrouwer Heineken wurdt de nije eigner fan diskoteek Den Hof van Holland yn Boalsert. Dat hat de rjochter yn Ljouwert besletten. Ek moat de útbater de diskoteek leechhelje en 45.000 euro oan iepensteande rekkens betelje. De diskoteek is al langer yn opspraak. Ferline jier rôle de plysje in drugsbende op dy't út de diskotheek wei operearje soe. Dat hat de saak in soad jild koste, seit de útbater.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)