Wynmûnen kinne lâns spoar

© Omrop Fryslân
It spoar op nei Grins by Bûtenpost is poergeskikt om wynmûnen del te setten. Dat fine boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen. Twa lokaasjes binne yn byld foar de turbines: behalve it spoar Ljouwert-Grins kinne se ek oan by it Langfal by Surhuzum in plakje krije.
De gemeente Achtkarspelen wol him sa folle mooglik op duorsume enerzjy rjochtsje. Allinnichsteande mûnen op bedriuweterreinen wol it kolleezje net tastean.