Hellinga stopt nei dit seizoen

© Omrop Fryslân
Veendamspiler Wilco Hellinga hâldt op mei fuotbalje. De 35-jierrige Fries hat nei dit seizoen sechstsjin jier lang by seis ferskillende klubs spile. Hellinga begûn by sportklub Hearrenfean. Dernei spile hy noch foar Germinal Eekeren, Sankt Gallen, FC Nürnberg en FC Zürich. Sûnt 2003 spile hy by Veendam.
Hellinga is no wurksum by de fuotbalskoalle fan sportklub Hearrenfean. Hy hat him him ek al opjûn foar de kursus Coaches Betelle Fuotbal.