A7-sône gjin Landstad Friesland

© Omrop Fryslân
De A7-sône wurdt definityf net omdoopt ta Landstad Friesland. De fiif gemeenten oan de A7 foarmje in gebiet dêr't de provinsje in soad ekonomyske aktiviteiten konsintrearret. It giet dan om Snits, Skarsterlân, Opsterlân, It Hearrenfean en Smellingerlân.
Foar de promoasje is de namme Landstad Friesland betocht, mar dat blykt no net nedich te wêzen. De namme A-7 sône is al ynboargere, sa hat deputearre Baas bekendmakke.