Nijbou Frjentsjer-Súd set út ein

© Omrop Fryslân
Yn Frjentsjer is woansdei it projekt Frjentsjer-Súd offisjeel út ein set. De kommende tsien jier moatte oan de súdkant fan de stêd 625 wenten boud wurde.
It grutte útwreidingsplan hie in drege oanrin. De earste plannen binne al fan de jierren santich. Spul oer de rûnwei en de heger útfallende kosten soargen foar in protte fertraging. No't dat út de wei is, kin de stêd de histoaryske stap oer it Van Harinxmakanaal sette.