Bern te keap op ynternet

© Omrop Fryslân
In frou út Ljouwert hat op de webside Marktplaats.nl har bern fan ien jier oanbean. De mem fan fjouwer bern soe "mear oan de holle ha" en net goed mei bern omgean kinne. Leafhawwers soene it bern fergees ophelje kinne.
De direksje fan de feiling-site is skokt troch it nijs. De behearders ha de advertinsje der tiisdeitejûn ôfhelle. It is ûndúdlik oft it om in 'grap' giet of echt is. De plysje ûndersiket de saak.