Wer problemen stedsferwaarming

11 jan 2006 - 17:29

Der binne op 'e nij problemen mei de stedsferwaarming yn de Ljouwerter wyk Cammingaburen. De ôfrûne wiken ha fiif wenten lekkaazje hân op it plak dêr't bûtenliedingen oergean nei binnenliedingen. Dat wie ûnder mear oan de Roptastate en Humaldastate.

Essent tinkt dat it te krijen hat mei wurk fan oardel jier lyn, doe't der problemen wiene mei de legionellabaktery. Essent kontrolearret op it stuit alle wenningen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)